De Friesche IJsbond
8 January 2024

Ferwachtingen oer natueriis: "Wês foarsichtich en geduldich"

Reedriders moatte harren net te ryk rekkenje no't de froast ûnderweis is. Dat seit De Friesche IJsbond tsjin Omrop Fryslân. De omstannichheden binne op dit stuit striemin foar iisgroei. "Myn boadskip is: wês foarsichtich en geduldich. Foarearst sit ride der op natueriis net yn", seit foarsitter Sytse Kroes fan it iisbûn.

Meer informatie

Terug naar overzicht